Oscar Mathisen

Oscar Mathisen
sporter
Oscar Mathisen (1920)
Oscar Mathisen (1920)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Oscar Wilhelm Mathisen
nasjonaliteit   Noarsk
bertedatum 4 oktober 1888
berteplak Kristiania
stjerdatum 10 april 1954
stjerplak Oslo
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
debút 1904
karriêre-ein 1916
wichtige prestaasjes
5x goud Wrâldkampioenskip 1908, 1909, 1912, 1913, 1914
1x Sulver Wrâldkampioenskip 1910

Oscar Wilhelm Mathisen (Kristiania, 4 oktober 1888 - Oslo,10 april 1954) wie in Noarsk reedrider. Mathisen wurdt beskôge as ien fan de grutste reedriders fan alle tiden. Njonken fiiffâldich Wrâldkampioen Allround en trijefâldich Europeesk kampioen, hat Oscar Mathisen 14 kear in wrâldrekôr riden.

Syn libben einige nei't er yn 1954 syn frou fermoarde, dy't al in pear jier slim depressyf wie, en dêrnei himsels tekoart die.

Yn de hoeke fan de middelthuns gate en de riksvei 161, by it Frognerstadion yn Oslo, stiet in byld fan Oscar Mathisen dat yn 1959 ûntbleate waard.

Sûnt dat jier wurdt alle jierren de Oscar Mathisen-trofee ek wol de reedryd-oscar neamd, útrikt oan de reedrider dy't in poerbêste of bysûndere prestaasje levere hat yn it foargeande seizoen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy